Permaninte wynmotor by K'pomp

© Omrop Fryslân
Nei in proefperioade fan trije jier hat de Skalsumerpolder by Kollumerpomp in permaninte wynmotor krigen om it wetterpeil yn de polder op hichte te hâlden.
It wetterpeil yn de 150 bunder grutte polder wurdt heger holden as yn it omlizzende gebiet. Dat wolle de boeren en de Stifting Skalsumer Natuurbeheer graach foar de fûgels. Frijwilligers fan de stifting soargje derfoar dat de mûne yn bedriuw bliuwt.