Drugsdealers oppakt

De plysje hat tongersdei in 40-jierrige frou fan It Hearrenfean en twa manlju fan 34 en 44 jier út Ljouwert oanhâlden foar drugsdealen. De wenningen fan de fertochten binne ûndersocht, en yn alle huzen waard harddrugs oantroffen.
De fertochten binne freed foarlaat en sitte noch fêst. De arrestaasjes binne ûnderdiel fan in grutter resjerzjeûndersyk nei de hannel yn ferdôvjende middels.