Weening behâldt rôze trui

Pieter Weening rydt ek nei de sânde etappe yn de Ronde fan Italië noch yn de rôze trui. Weening einige de etappe nei Montevergine di Mercogliano mei oankomst berchop as njoggentjinde yn de selde tiid as de winner. De winst yn de etappe gong nei de Belch Bart de Clercq.
Yn it algemien klassemint feroaret der neat yn de top trije. Weening bliuwt earste mei 2 sekonden foarsprong op Sivtsov en Pinotti.