Oanfallers op proef by Cambuur

Gregory Nelson en Giovano Godeken traine in pear dagen mei by Sportklup Cambuur. Beide oanfallers hawwe gjin klup en binne sadwaande transferfrij. De 23-jierrige Nelson spile it ôfrûne jier foar CSKA Sofia en kaam dêrfoar út foar RBC Roosendaal. Hy hat de jeugdoplieding fan AZ trochrûn.
Godeken is 21 jier en hat ek in ferline by RBC, mar syn lêste klup wie MFK Ruzomberok út Slowakije. Trainer Alfons Arts: 'We bekijken of ze een versterking zijn voor komend seizoen.'