Hearrenfean yn Ajaxshirt

13 maaie 2011 - 16:31

SC Hearrenfean sil snein yn de lêste wedstriid fan it seizoen tsjin Roda JC fuotbalje yn it nije útshirt. Hearrenfean giet mei it nije tenue werom yn de histoarje. Opfallend is dat de namme fan haadsponsor Univé net mear op it útshirt stiet.

Miskien noch wol opfallender is dat it shirt hiel bot liket op dat fan Ajax. Wol spilet Hearrenfean yn in swarte broek. De útlis dêrachter is dat SC Hearrenfean fan 1913 oant en mei 1933 spile yn de kleuren read en wyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)