Menno Simons-parkearplak klear

13 maaie 2011 - 16:22

Yn Wytmarsum is de lêste hân lein oan in parkearplak by it Menno Simons-monumint en it hagepreektsjerkje. Dêrmei binne de plannen fan it ynternasjonaal Menno Simonssintrum foarearst klear.

It is dit jier 450 jier lyn dat Minne Simens ferstoar. Syn folgelingen, de mennisten of mennoniten, binne de hiele wrâld oergien. Yn syn bertedoarp Wytmarsum en yn Penjum dêr't er preke hat, wurdt dêr dizze simmer wiidweidich by stilstien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)