Wethâlder leveret salaris yn

Wethâlder Jan-Henk Veenhouwer fan Eaststellingwerf levert in diel fan salaris yn. Veenhouwer is neist wethâlder ek direkteur fan in autobedriuw. Yn it wethâlderskip gie lykwols folle mear tiid sitten as dat er tocht hie. De kombinaasje fan beide funksjes kaam dêrmei yn 'e knipe.
De VVD'er hat út eigen beweging besletten om mei weromwurkjende krêft tsien persint fan syn salaris yn te leverjen. Dat komt del op sawat in moannesalaris.