Vandenbussche yn de basis

13 maaie 2011 - 14:03

Brian Vandenbussche krijt snein yn de lêste wedstriid fan it seizoen tsjin Roda JC fan Ron Jans in basisplak. It is de earste kear dat de Belgyske doelman dit seizoen yn aksje komt by it earste alvetal.

Vandenbussche rûn yn de oanrin fan it seizoen in swiere knibbelblessuere op en wurke lang oan syn herstel. De doelman sjocht it basisplak as wurdearring foar syn revalidaasje. Dit jier hat Vandenbussche syn kontrakt mei twa jier ferlingd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)