Ynfojûn saak-bleatfoto's

13 maaie 2011 - 11:28

In ynformaasjejûn fan fuotbalklup SC Joure oer de sedesaak dêr't in trainer foar fêstsit, hat tongersdei oer de hûndert minsken lutsen. Sy koene fragen stelle oan de kluplieding, de offisier fan justysje, de boargemaster en oan helpferlieners.

De fertochte (32) hat foto's makke fan bleate jonges ûnder de dûs. Dat die er ek op de Van Kleffensskoalle dêr't er lesjoech. Sportklup De Jouwer wurdt de kommende tiid bystien troch helpferlieners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)