Ungelok op A31 by Marsum

Op de A31 by Marsum hat freedtemoarn in ûngelok west. Dêr wiene in persoane-auto en in buske by belutsen. Se rieden yn de rjochting fan Ljouwert. Flak foar de ôfslach Marsum ûntstie in botsing.
It buske blokkearre de dyk en it oare ferkear waard omlaat. Sadwaande moast ferkear op de A31 rjochting Ljouwert rekken hâlde mei fertraging. Oer ferwûnen is op dit stuit noch neat bekend.