ZZP'ers gjin belesting betelje

13 maaie 2011 - 09:42

Lytse ûndernimmers yn Ljouwert mei in leech ynkommen moatte yn oanmerking komme kinne foar frijstelling fan lokale belestings. Dat wolle de riedsfraksjes fan de PvdA en de SP yn Ljouwert.

Neffens de Belestingtsjinst fertsjinje in soad lytse selsstanniggen, saneamde ZZP'ers, kwalik jild. De partijen wolle dat de gemeente it belied sa oanpast dat ek sy frijskatting oanfreegje kinne. Se hoege dan gjin belesting te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)