Tinkstien foar Albertus Magnus

In aparte tinkstien moat de besite fan de wrâldferneamde Albertus Magnus oan Ljouwert, goed 750 jier lyn, foar altyd trochlibje litte. De tinkstien hinget yn de kosterij fan de Grutte of Jakobinertsjerke. Dêr wie Albertus Magnus yn 1256 in pear wike te gast by de muontsen dy't yn it kleaster wennen.
Hy woe sjen oft de muontsen har wol oan alle regels fan de Dominikaanske oarder hâlden. Albertus Magnus wurdt sjoen as in wichtige hillige.