Offaloven wurdt net stillein

12 maaie 2011 - 18:26

De ôffaloven yn Harns wurdt foarearst net stillein. De provinsje sil al besjen oft dêr mooglikheden foar binne. Dat hat de provinsje wethâlder De Boer fan Harns witte litten. De Boer hie dêr al by de provinsje op oantrune nei oanlieding fan in tal ynsidinten.

Neffens deputearre Sjoerd Galema hat der gjin gefaar west en is der gjin oanlieding de oven no stil te lizzen. Wol wurdt der by Omrin op oantrune mjitgegevens daliks online te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)