Nije wenwyk Harinxmaland

Tusken Snits en Skearnegoutum is it startskot jûn foar de nije Snitser wyk Harinxmaland. Oant fier nei 2020 moatte der 1300 wenten komme tusken rûchwei de Frjentsjerterfeart en de Swette. Fan 't simmer set de bou fan tachtich wenten út ein foar wenningboukorporaasje Accolade. It giet om 41 hierwenten en 39 keapwenten.
In gaslieding komt der net. Alles wurdt elektrysk. De wyk moat ek selsfoarsjennend wurde en hiel grien.