Undersyk nei chatten

Foto: Omrop Fryslân
Op skoallemienskip Comenius yn Ljouwert is ûndersyk dien nei de ynfloed fan chatten op it gedrach fan bern. De Ryksuniversiteit Grins hat it ûndersyk útfierd ûnder 150 learlingen.
Bern sitte deis samar in oere te chatten. As bliken docht dat sosjaal eangstige bern makliker troch chatten kontakt lizze, dan kin dat brûkt wurde om bern sosjaal feardiger te meitsjen. Nei de ynfloed fan op ynternet kompjûterspultsjes dwaan is wol faak ûndersyk dien, mar net nei chatten.