Oerfal Gordyk: fyts socht

12 maaie 2011 - 11:33

De plysje siket in donkergriene damesfyts dy't nei alle gedachten meinaam is by in oerfal op 'e Gordyk. Dêr is yn de nacht fan tiisdei op woansdei in wenhûs oan De Leijen oerfallen. De bewenners waarden wekker fan lûd. Doe't de 71-jierrige man de sliepkeamerdoar iependie, stiene dêr twa mannen mei in wapen.

De bewenners waarden bedrige en in skoftke fêsthâlden. De plysje hopet oan 'e hân fan de fyts spoaren te finen fan 'e oerfallers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)