Trije himpkwekerijen Ljouwert

Argyffoto Omrop Fryslân
Yn de wyk Camminghabuorren yn Ljouwert binne woansdei trije himpkwekerijen oprôle. De plysje kaam yn aksje nei anonime tips. Yn wenten oan de Dottingastate, Aggemastate en Albadastins waarden mei-elkoar 713 himpplanten oantroffen. De stroom dy't nedich wie foar de kweek, waard yllegaal ôftape.
Alle plantsjes en de apparatuer foar de kweek binne yn beslach naam en ferneatige.