Deadsbedriging yn Ternaard

Ternaard (foto: Omrop Fryslân)
Yn Ternaard hat de plysje woansdei oan 'e ein fan de middei in man oanhâlden dy't yn in supermerk personiel mei de dea bedrige hie. De eigner hie de wyldeman út de saak set en doe begûn de man mei guod te smiten. Omstanners hawwe him dêrnei fêstpakt en de plysje belle.
De man is ûnder begelieding fan de plysje mei in ambulânse nei it sikehûs fan Dokkum brocht. Nei alle gedachten wie er ûnder ynfloed fan drank en medisinen.