Doutzen net mear bêst betelle

12 maaie 2011 - 10:39

Net Doutzen Kroes, mar topmodel Lara Stone is dit jier it bêst betelle Nederlânske model. Dat is op te meitsjen út de jierlikse list fan it Amerikaanske tiidskrift Forbes mei bêst betelle modellen. Doutzen stie earder op plak fiif.

Doutzen is út de top fallen om't se der in skoft út west hat mei de berte fan har jonkje Phyllon. Nei ferwachting docht se yn 2012 wer mei yn de top. Nûmer ien op de list is Gisele Bündchen mei 45 miljoen dollar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)