Lieuwe van Wijk trainer Avanti

© Omrop Fryslân
Lieuwe van Wijk út Surhústerfean wurdt takom seizoen trainer fan sealfuotbalklup Avanti. Van Wijk wie de lêste twa jier aktyf by Futsal Cambuur. De beneaming is gjin ferrassing. Al earder waard bekend dat Van Wijk de wichtichste kandidaat wie.
Neffens Van Wijk wie er noch net klear by Cambuur. Mar in oanbod om wer op it heechste nivo yn aksje te kommen wol er net lizze litte. Van Wijk wurdt by Avanti de opfolger fan Anand Jagdewsing.