Harns wol REC stillizze

11 maaie 2011 - 22:15

De gemeente Harns sil de provinsje freegje om de ôffaloven fan Omrin stil te lizzen. Der is neffens de gemeente te folle ûndúdlik oer it tal steuringsoeren. Dat mei net boppe de 60 komme, mar dat is wol bard. Harns en de provinsje sille hjir tongersdei oer prate

De Harnzer ried is ek kritysk oer de hichte fan de piip, dy't net heech genôch wêze soe om de reek goed fuort te krijen. De provinsje sil tenei alle mjittings iepenbier meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)