Nije plannen Blomketerp

11 maaie 2011 - 21:07

De kânsen foar swimbad Blomketerp yn Frjentsjer nimme ta. De gemeente Frentsjerteradiel sjocht ljocht yn twa plannen fan ûndernimmers om it bad iepen te hâlden, om't se mar in bydrage freegje fan in pear ton.

It giet om in plan fan in stifting dêr't ek de KNZB yn sit. It oare plan komt fan Arhad Ashouri, dy't no al de teamlieder fan it bad is. De gemeente woe it swimbad slute om jierliks 3 ton te besparjen. Der wie in soad ferset tsjin de driigjende sluting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)