Weening liedt klassemint Giro

11 maaie 2011 - 17:27
  • Pieter Weening yn de rôze trui (foto: Luuc Eisenga)

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema hat woansdei de fyfde etappe fan de Giro d'Italia wûn. De rit gie oer 191 kilometer fan Piombino nei Orvieto. Troch de winst is er no ek lieder yn it algemien klassemint.

Weening ûntsnapte in lytse tweintich kilometer foar de ein út in groepke dat earder al ûntsnapt wie út it peloton. Hy koe koprinner Kohler achterhelje en wist út de hannen fan it peloton te bliuwen. Weening wûn yn 2005 in etappe yn de Tour de France.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)