Takomst NV Stadsherstel faai

11 maaie 2011 - 12:50

De takomst fan NV Stadsherstel stiet faai. De gemeente Ljouwert wol de organisaasje net helpe om út de skulden te kommen. Stadsherstel hat in tekoart fan hast oardel miljoen en hat gjin finansjele reserves. Der is in berop op de gemeenteried dien foar stipe, mar neffens wethâlder Diks hoege se dêr net op te rekkenjen.

Marga Waanders fan Stadsherstel is teloarsteld. Dit betsjut neffens har de ein fan de stichting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)