Opnames Fryske Cash wer los

11 maaie 2011 - 10:40

Nei in pear dagen skoft binne de opnames foar it Fryske Cashprojekt yn de Foolschurchstudio yn Oentsjerk wer los. Woansdei is Eric Ennema oan bar foar syn gitaar- en sangpartijen. Hy nimt ek in stikmannich eftergrûnsjongeressen mei.

De opnames foar it Fryske Cashprojekt rinne sa njonkenlytsen nei de ein. Op sneon 14 maaie sil de feestband Ska3 in nûmer opnimme. Snein docht de band Baldrs Draumer itselde. De K-rûte hat woansdei in reportaazje oer it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)