Rappe riders beboete

By snelheidskontrôles yn Skearnegoutum en Heech hat de plysje tiisdei 134 boetes útskreaun foar te hurd riden. De kontrôles waarden hâlden nei oanlieding fan klachten fan omwenners oer ferkear dat te hurd rydt.
Op de Legedyk yn Skearnegoutum waarden 295 bestjoerders kontrolearre. Dêrfan rieden 27 hurder as de tastiene 80 kilometer. Ien sjauffeur hie 120 op de teller. Op de Alde Skatting yn Heech kamen 730 lâns de radarkontrôle. Dêr rieden 107 minsken te hurd.