Harkemase Boys bekerfinalist

10 maaie 2011 - 22:47

Topklasser Harkemase Boys hat troch de 3-1 winst tsjin Urk de finale helle fan it noardlik bekertoernoai. Maklik gong it net mei de fuotballers fan trainer Wieb Rodenhuis.

Urk, krekt wer haadklasser wurden, stie by it skoft mei 1-0 foar en krige yn de twadde helte in net te missen kâns. Dochs hobbele de bal njonken de goal en dêrnei makken de Boys yn it lêste kertier dien wurk troch twa doelpunten fan Oebele Schokker en ien fan Martijn Barto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)