Ynternet yn Prinsetún

Besikers fan de Ljouwerter Prinsetún kinne kommende simmer fergees op it triedleas ynternet. De gemeente leit in wifi-netwurk oan, sadat boatsjeminsken en oare besikers twa oeren deis fergees tagong ha ta ynternet.
As earste sjogge gebrûkers in side mei aktiviteiten yn de stêd. Doel is mear toeristen nei Ljouwert te lûken. It netwurk wurdt betelle troch de gemeente en ferskate oare partijen.