Earste peal learpark Drachten

10 maaie 2011 - 17:12

Tiisdei waard offisjeel begûn mei de nijbou fan de VMBO-oplieding fan kristlike skoalmienskip Liudger yn Drachten. Liudger is ien fan de opliedingen yn it nije Leerpark Drachten. CSG Liudger wurket by de nijbou gear mei ROC De Friese Poort.

Uteinlik moatte der in tal nije gebouwen en in sporthal ferskine, dy't troch in glêzen bûlevaar mei-inoar ferbûn wurde. De gemeente Smellingerlân betellet 19 miljoen foar de nijbou, Liudger betellet 4 miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)