Tsjerke Bûtenpost nei fabryk

De website fan de Christengemeente Bûtenpost
De Christengemeente yn Bûtenpost krijt in nij ûnderkommen yn in fabrykshal op it yndustryterrein. De tsjinsten wurde no yn 'e aula fan it AOC hâlden, mar dy is te lyts. De tsjerke is yn 2004 oprjochte. Doe wiene der 90 leden. Yntusken binne dat der mear as 300.
Yn de fabrykshal is plak foar op syn meast tûzen man, mar foarearst wurdt rekken holden mei in groei oant 600 minsken. Nei alle gedachten kinne de earste tsjinsten foar de krystdagen yn it nije tsjerkgebou holden wurde.