Jonge see-earnen by Lauwersmar

De see-earnen by de Lauwersmar hawwe nei alle gedachten jongen krigen. Dat meldt Staatsbosbeheer. De jongen binne noch net sjoen, mar neffens Staatsbosbeheer is oan it gedrach fan it see-earnepear dúdlik te fernimmen dat der jongen binne.
Der is waarnommen dat it wyfke fretten nei it nêst bringt. Mei in dei as tsien tinkt Staatsbosbeheer definityf te witten oft en hoefolle jongen as der berne binne. Der binne no sa'n 2 jier see-earnen yn 'e Lauwersmar.