Plysje pakt âld izerdieven op

De plysje hat moandetejûn twa ynwenners fan De Lemmer fan 26 en 55 jier en in man fan 25 jier fan Rutten oanhâlden. Se wurde derfan fertocht dat se by in bedriuw oan de Plattedyk âld izer stellen hawwe. In tsjûge hie de manlju oan it wurk sjoen en de plysje belle.
De plysje wie der gau by en koe de manlju oppakke. It âld izer waard yn beslach naam. De manlju binne mei in proses-ferbaal wer nei hûs stjoerd.