Learaar fêst foar berneporno

10 maaie 2011 - 10:45

In man (32) fan De Jouwer is fêstset op fertinking fan it besit fan berneporno. De man is learaar op in basisskoalle op It Hearrenfean en jeugdfuotbaltrainer by in klup yn Skarsterlân. De man hat ferklearre dat er as learaar en as trainer stikem foto's naam fan dûsende jonges.

De saak kaam oan it ljocht nei in melding fan in âlder fan wa't de soan fotografearre wie troch de fertochte. De plysje hat de kompjûter en de mobile tillefoan yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)