Noch gjin jild foar jeugdsoas

De romte fan jeugdsoas de Igge yn Wommels
De takomst fan jeugdsoas De Igge yn Wommels bliuwt ûnwis. De gemeenteried fan Littenseradiel woe moandeitejûn gjin jild tasizze foar de soas. Sûnt april is De Igge ticht omdat it jild op is. De ferskate partijen yn de ried en ek it kolleezje joegen wol oan dat se it wichtich fine dat de soas iepen bliuwt. It bestjoer fan De Igge moat no earst in takomstfisy skriuwe. Meikoarten sille partijen om tafel om te sjen wat noch mooglik is.