Ferbettering kaden Snitser Mar

Wetterskip Fryslân begjint yn de simmer mei it ferbetterjen fan de wâlskanten en kaden oan de noardeastkant fan de Snitser Mar. It giet om de gebieten Griene Dyk, De Potten en Potskar. De oanpak is nedich omdat de wetterkeringen net mear foldogge oan de feilichheidsnoarmen.
It wetterskip hat mei ferskate belutsenen lykas oerheden en natuerorganisaasjes oerlis hân oer de útfiering fan it projekt.