Weening fytste achter Weylandt

09 maaie 2011 - 18:51

Hurdfytser Pieter Weening is oandien troch de dea fan de Belch Wouter Weylandt. Dy kaam moandei om it libben yn de tredde etappe fan de Ronde van Italië, de Giro. Hy foel yn in ôfdaling. Der is noch besocht him te reanimearjen mar dat is net slagge. Weening fytste goed 20 sekonden achter Weylandt en seach him op de dyk lizzen.

Yn de hurdfytswrâld en ek dêrbûten is mei ferbjustering op it ûngelok reagearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)