Kinderhulp siket gastgesinnen

09 maaie 2011 - 16:57

De Stifting Europa Kinderhulp siket gastgesinnen. Oer twa moanne komme de earste bern foar in fakânsje nei Fryslân mar der binne noch net genôch gesinnen beskikber. Neffens foarsitter Henk Jaap Bakker fan Europa Kinderhulp Friesland melde har de lêste jierren hieltyd minder nije gesinnen oan.

Bakker is benaud dat dit jier bern teloarsteld wurde moatte. Europa Kinderhulp organisearret fakânsjes foar kânsearme bern út Nederlân, Dútslân, Frankryk en België.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)