Hotelbrânzje hat it noch swier

Mear hotelgasten yn ús provinsje
Yn Fryslân giet it minder goed mei de hotelbrânzje as yn de rest fan it lân. Lanlik sjoen hawwe der ôfrûne jier 19,2 miljoen gasten nei hotels ta west en dat is hast 8% mear as in jier earder. De taname siet him benammen yn de saaklike gasten en dêr hat Fryslân folle minder fan as de Rânestêd.
Foar dit jier liket it wol wat better te gean mei de hotels yn Fryslân. Neffens Koninklijke Horeca Nederland is der yn 2011 in goede start makke fanwege it betide waarme waar.