Oefening boppe Marnewaard

De Marnewaard fanút de loft sjoen
Boppe it militêre oefenterrein De Marnewaard wurdt takom wike tiisdei en woansdei in oefening hâlden fan de lânmacht en de loftmacht. Tusken 11 oere moarns en 4 oere middeis sil flein wurde. De militêren op de grûn moatte fia de radio oanwizings jaan oan de piloaten fan de helikopters en jachtfleantugen oer de lokaasje dy't oanfallen wurde moat.
Yn it kader fan de oplieding moatte kursisten fan de lânmacht leare te kommunisearjen mei dy fan de loftmacht.