Fytspaden 11-stêderûte klear

De fytspaden fan Tsjerkgaast nei Spannenburg en fan Spannenburg nei Sleat binne fernijd. De 2,3 kilometer oan fytspaad bestie earst út asfalt en is no fernijd mei betonplaten. De boeren krije spesjale ynritten.
Op dit stuit kinne de paden noch net brûkt wurde, omdat it beton earst úthurdzje moat. Dit duorret 28 dagen. Oant dy tiid moatte fytsers oer de dyk en binne der platen oer it nije paad lein by de ynritten. Beide paden binne ûnderdiel fan de fytsalvestêderûte.