Bleker: gjin stipe oan fiskers

09 maaie 2011 - 15:16

De stakende garnalefiskers hoege foarearst gjin stipe te ferwachtsjen fan steatsiktaris Bleker. Dat hat hy moandeitemiddei dúdlik makke by in protestmanifestaasje by it kazemattenmuseum by Koarnwertersân. De fiskers farre net út, omdat se mear jild hawwe wolle foar de garnalen.

Neffens Bleker docht in kommisje al ûndersyk nei de mooglikheden dy't de oerheid hat om de priis foar de fiskers omheech te krijen, mar dy komt net earder as yn juny mei in advys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)