Brêge Terherne moat iepen

Terherne út de lof wei sjoen
It CDA yn Boarnsterhim wol fan it kolleezje fan BenW witte oft it helber is om de brêge oer de Alde Sânsleat yn Terherne te iepenjen by feestlike gelegenheden. Neffens it CDA is it mei in pear oanpassings mooglik om de brêge mei de besteande motor te iepenjen.
Terherne wol al jierren dat de brêge beweechber makke wurdt. Neffens it CDA soe de brêge ein july al betsjinne wurde kinne by de lanlike reunu fan klassike binnenfeartskippen.