Fryske Gea telt bistesoarten
It Fryske Gea hat it ôfrûne jier ûndersyk dien nei de ferskate soarten bisten en planten op de kwelders yn Noard-Fryslân. Dêrby binne hast 240 fûgelsoarten teld, hast 390 ynsektesoarten en goed 30 soarten spinnen.
Fierder binne der hast 30 soarten sûchdieren en dik 60 soarten mos sjoen. Fan de hast 240 fûgelsoarten binne 50 briedfûgels.