Staking by tabaksfabryk

09 maaie 2011 - 07:32

De fakbûnen en de direksje fan Imperial Tobacco binne it net iens wurden oer in nije CAO en dêrom wurdt der moandei staakt by it tabaksfabryk op De Jouwer. 60 fan de 300 wurknimmers wurde útsletten fan in leansferheging en dêr binne de wurknimmers it net mei iens.

De aksjes binne moandeitemoarn om seis oere begongen en gean troch oant tsien oere jûns. Tiisdei is der in koart pleit yn Utrecht. De direksje wol dêrmei nije stakings foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)