Fabriek en De Jong op nei WK

Dirk Fabriek en Jannick de Jong ha har yn Mühldorf yn Beieren beide pleatst foar de WK challenge fan septimber yn it Frânske St. Colomb. De beide Fryske koereurs einigen by de earste seis, Fabriek waard fjirde, De Jong fiifde. De tredde Fries, Jeffrey Woortman, rêde it net.
Yn St. Colomb binne de startbewizen foar de WK-searje langbaan fan 2012 te fertsjinjen. Dit jier ride Theo Pijper en Dirk Fabriek it WK. Dogge se it goed, dan smyt dat ek in WK-plak op.