Avanti einiget as sânde

Sealfuotbalklup Avanti út Stiens ferlear sneon mei 8-6 fan koprinner De Hommel. Dermei nimt De Hommel revâns op it eardere ferlies fan 9-3 tsjin Avanti. Avanti einiget sadwaande mei in knap sânde plak yn de middenmoat fan de topdivyzje.
Foar it nije seizoen liket it der op dat de ploech yn stân bliuwt. Lieuwe van Wijk wurdt mooglik de opfolger fan trainer Anand Jagdewsing.