Fabriek twadde yn Stienwyk

08 maaie 2011 - 14:36
  • Durk Fabriek (foto: Martin de Jong)

Skeelerneur Durk Fabriek fan Jobbegea pakte sneon in twadde plak yn De Klim fan Stienwyk. Yn dizze klassiker wie Jouke Hoogeveen út Amsterdam de winner, neidat hy allinnich nei de einstreek ried.

Fabriek besocht mei in groepke noch by de Amsterdammer te kommen, mar krige gjin meiwurking fan syn kollega-oanfallers. Ingmar Berga waard tredde. By de froulju diene de Friezinnen Manon Kamminga en Elma de Vries net mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)