52 minsken fan partyskip helle

It partyskip koe pas nachts wer loskomme, 52 passazjiers waarden fan board helle.
De rêdingboaten fan Skiermûntseach hawwe sneontemiddei 52 minsken fan partyskip Heffesant helle. It skip wie even noardlik fan it Gat fan Skiermûntseach fêstrûn. Omdat it heech wetter noch hiel lang duorje soe, waard besletten om de minsken fan it skip te heljen.
De Edzard Jacob koe twa kear lânsside komme oant dat it te ûndjip waard om dat te dwaan. Letter moasten de minsken in stikje troch it wetter rinne om by de rêdingboat te kommen.