Ballumers meitsje nij strân

08 maaie 2011 - 12:24

Ynwenners fan Ballum op It Amelân ha tusken peal 7 en peal 8 it strân fernijd. Sûnt der op de noardwestpunt fan it eilân in sânheak foarme is, hie Ballum net mear in gaadlik strân. Rykswettersteat kaam der net oan ta om it strân oan te passen. Dêrom ha de Ballumers sels oan de slach west.

Mei alve trekkers, trije shovels, trije kranen en in bulldozer is der tûzenen kubike meters sân ferset. De eilanners ha der trije dagen frijwillich mei dwaande west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)