Soad reaksjes op profylskets

By de gemeente Súdwest Fryslân binne hûnderten reaksjes binnenkaam op de enkête oer de nije boargemaster. Ynwenners fan de nije gemeente meie meiprate oer de eigenskippen en kwaliteiten fan in nije boargemaster. Se kinne dat dwaan op de webside fan de gemeente. De fertrouwenskommisje dy't it profyl opstelt, nimt de útkomsten fan de enkête mei.
Fierder wurdt ek noch oan oare groepen frege wat sij foar winsken ha. De profylskets wurdt ein juny fêststeld.